K-rûte: PAIR, keunst yn konteners yn Smelle Ie

PAIR stiet foar Portable Artist In Resident. Oftewol in mobyl keunstnerswurkplak. En dizze selstannige unit stiet op it stuit yn Smelle Ie by Drachten. It brein efter dizze twa multifunktsjonele konteners is Henry J. Alles. Hy is ien fan de teatermakkers fan de peergroup en hy noeget al in jier lang keunstners fan oer de hiele wrâld út om yn syn PAIR kontener in tiid te wenjen en wurkjen. Dizze wike is de PAIR delset yn Smelle Ie op it plak dêr't ea in Benediktiner kleaster stie. Keunstner Matthew Mazzotta út Boston en syn maat Cory binne foar 2 moanne de bewenners. Matthew syn projekt hjit Steeped in Exploration oftewol ûnderdompeling yn ûndersyk. Dit hâldt foar Mazzotta yn dat hy it teehûs bouwe sil wêrby't hy gebrûk makket fan biogas dyt hy mei help fan de boeren yn de omjouwing meitsje sil. Ek sil hy yn de omjouwing sykje nei planten om tee mei te setten. Fansels ropt hy hjirby de help fan de omjouwing yn. De K-rûte wie nijsgjirrich en gie by Matthew op besite.
Author: OmropFryslan; Tags: 'Smelle Ie' keunst art kunst container 'peergroup' 'PAIR' 'Matthew Mazzotta' kleaster klooster 'Steeped in Exploration'








